Op woensdag 24 april werd er op het parkeerterrein achter Sjoerdahiem in Gytsjerk de tweede straatbabbel georganiseerd. Was er op 17 april al een begin gemaakt, op deze woensdagmiddag kwamen de medewerkers van KEaRN terug om samen met bewoners antwoord te vinden op vragen als: “Wat vindt u prettig aan het wonen hier?”, “Wat zou er anders kunnen?” en “Wat zou u zelf kunnen doen om het wonen hier nog leuker te maken?”. Samen met het dorpenteam en vrijwilligers uit de straat werd er niet alleen met elkaar gesproken, maar was er ook soep en broodjes.
Buurtbewoner Kees Westra was ook aanwezig. Hij legde alles prachtig vast op de gevoelige plaat en schreef op zijn Facebook-pagina een kort verslag:
Praat wurdt der alle dagen wol.
Alle dagen is der wol wat te bepraten. En is der neat dan pakke wy it waar wol op.
Woansdei 24 april 2019 wie KEaRN mei de opfallende karavan op besite yn Gytsjerk.
De bewenners fan de Sjoerdastrjitte en it Sjoerdahiem sieten noflik byelkoar op it parkearterrein.
It sintsje skynde en der wie kofje, tee, woarst, sop en broadsjes.
Alles foar en meielkoar. Oerol kaam wol wat wei; tafels, stuollen,bestek, waarme grientesop en tomatesop, de katering wie dik yn oarder!
Mar der waard fansels praat. No ris wier meielkoar en net oer elkoar. As soe dat yn gytsjerk net foar komme?!
No praat wurdt der wis en seker oer Dicky en Wiebe, dy’t los fan elkoar en allinne, yn dizze buert wenje.
Foar dizze middei kamen in pak en in troujurk út’e kast en yn’e pronk hiene de Romeo en Julia fan Gytsjerk harren balkon sène mei brulloftsmars en oandacht dy’t heart by sa’n feest.
Sadwaande wie der genôch praat. It iis wie brutsen.
Letter waard it seryjeuzer doe’t Doetie en Frouwina fan KEaRN mei in programma op tafel kamen.
Hoe stiet it der foar yn”e strjitte. Wat kriget in dikke plus en wat kin better as oars.
Posityf oan it wurk en noflik sitte en rabje. De rjochten en plichten op in buert, yn de strjitte foar alles wie oere en tiid dizze middei, yn’e releksstân foar alle leeftiden.
Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje dat soe al in moai begjin wêze foar de leefberens meielkoar yn in strjitte.
Omtinken is yn dizze tiid ek tige wichtich. Ommers net elts en ien is mear sa fluch as wetter.
In bytsje oandacht is dan op syn plak en mei dizze gesellige moeting mei KEaRN, studinten yn oplieding en in Doarpenteam moat it yn gearwurking wol goed komme op dit plak yn Gytsjerk.
It iene praat is noch net west, as der is al wer oar praat yn it doarp.
Der is jildpine by de Dbieb!
Stiet it multifunksjoneel Sintrum no faai?!
Dat soe net bêst wêze foar it doarp Gytsjerk. In sammelplak wurdt tige mist.
Der sil stevich praat wurde moatte om it doarp by it swimbad wer wat glâns te jaan.
It is boppedat ek oar praat as altyd mar wer oer it waar as oer in oar.
Kees Westra
Op de Facebook-pagina van Kees zijn alle foto’s te vinden. Hieronder een selectie.